FNP Hearrenfean
Begjin

Nije gemeentenamme.

In part fan Boarnsterhim sil fusearre mei Hearrenfean. Dit betsjut dat der in nije gemeente ûntstiet werfoar de nije ried yn begjin 2014 in nije namme feststelle moat. De fraksje fan de FNP yn de gemeente Hearrenfean is nijsgjirrich hokker namme dit wurde moat. Reaksjes en suggestjes kinne stjoerd wurde nei info@fnp-hearrenfean.nl




16-02-2012 - Kommunikaasje nij Thialf (Nijs - Fraksje)
De FNP fraksje yn de gemeenteried fan Hearrenfean is min te sprekken oer de oankundiging foar it petear fan 20 febrewaris oer de lokaasje foar in nij Thialf. Neffens de FNP hie der in folle bettere oankundiging yn de Hearrenfeanster krante stean moatten en ek hienen omwennenden, bygelyks, de bewenners fan La Ronduite, persoanlik útnoege wurde moatten. It docht bliken dat der hjoed noch al in mail stjoert is nei de feriening fan eigners fan La Ronduite mar neffens de FNP hie dit folle earder moatten en hie de kommunikaasje ek folle yntinsiver oppakt wurde moatten.
We ha hjiroer de folgende fragen oan it kolleezje stelt:
Is it kolleezje tefreden oer de wize wêrop de befolking ynformearre is oer it petear fan 20 febrewaris oer de plannen foar in nij Thialf.
Docht dit petear rjocht oan de oanbefellingen nei oanlieding fan it ferslach fan it maatskiplik fan maart 2010. Sjoch hjirûnder.


• Organiseer aansluitend op dit maatschappelijk debat een verdiepingsslag, waarbij in ieder geval over de volgende onderwerpen meer duidelijkheid geboden kan worden:

- financiering/exploitatie,

- synergie,

- bereikbaarheid,

- parkeerproblematiek.

• Betrek de diverse doelgroepen (bewoners, recreanten, omwonenden, ondernemers, stakeholders) actief bij dit verdiepingsproces.

• Uit het maatschappelijk debat is gebleken dat er onvrede is bij de omwonenden rond Sportstad. Ga actief in gesprek met deze omwonenden om de huidige problemen te bespreken. Dit is naar onze mening en een voorwaarde voor het vervolgproces rond een nieuw Thialf.

• Houd de communicatiekanalen open en blijf geïnteresseerden transparant informeren over de voortgang.





Ate Eijer faksjefoarsitter FNP Hearrenfean



10-10-2011 - Soargen oer it Frysk yn nije fúzjegemeente Boarnsterhim (Nijs - Fraksje)
De FNP fraksje yn de gemeente Hearrenfean makket har soargen oer it gebrûk fan it Frysk nei it opsplitsen fan de gemeente Boarnsterhim.
Neffens it Europeesk Hânfêst foar regionale talen en talen fan minderheden is fêst lein dat de ynwenners fan in bepaalde gemeente der yn it gefal fan in gemeentlike fúzje yn taalrjochten net op efterút gean meie. Dat betsjut dat it taalbelied fan de gemeenten dêr’t Boarnsterhim yn opgiet itselde nivo kriget as dat fan Boarnsterhim. Mar yn it weryndielingsûntwerp fan de fiif gemeenten dy’t belutsen binne by de takomst en it opsplitsen fan Boarnsterhim is dit net goed werom te finen yn it weryndielingsûntwerp.

Neffens de FNP fan Hearrenfean heart yn it definitive ûntwerp de folgend tekst te stean.

“De Fryske taal, as drager fan de Fryske kultuer, stiet heech yn it findel. Fan it begjin ôf is in aktyf belied fierd om de Fryske kultuer en de taal aktyf te fersterkjen”.

De FNP hat hjiroer de folgende fragen oant it kolleezje stelt.

• Is it kolleezje fan miening dat yn it weryndielingsûntwerp oer it opsplitsen fan Boarnsterhim mear oandacht oan de Fryske taal jûn wurde moat?
• Kin it kolleezje har fine om de folgende sinnen ta te heakjen oan it weryndielingsûntwerp:
“De Fryske taal, as drager fan de Fryske kultuer, stiet heech yn it findel. Fan it begjin ôf is in aktyf belied fierd om de Fryske kultuer en de taal aktyf te fersterkjen”.
• Sa ja, hokker stappen sil it kolleezje sette om dizze sinnen oant it definitive weryndielingsûntwerp ta te heakjen?
• Sa nee, hoe wol it kolleezje dan rjocht dwaan oan it Hânfêst foar regionale talen en talen fan minderheden?

09-09-2011 - De FNP felisitearret De Greiden mei de iepening fan it wyksintrum. (Nijs - Fraksje)
Hjoed is it wyksintrum de Greiden op it Hearrenfean iepene. De bewenners ha blykber goed lústere nei it advys fan de FNP yn de Hearrenfeanster Krante fan ein desimber 2010.

31-08-2011 - FNP fernuvere oer lestendruk gemeente Hearrenfean. (Nijs - Fraksje)
De FNP fraksje yn de gemeente Hearrenfean hat nei oanlieding fan it rapport Administratieve Lasten en de Kwaliteit van Gemeentelijke Dienstverlening in Noord Nederland" fan de Ryksuniversiteit fan Grins fragen stelt oan it kolleezje fan B en W.
Yn it rapport wurdt stelt dat it bedriuwslibben yn it Noarden fan Nederlân troch de oerheden swier belêst wurd. Fryslân stekt der noch boppe út en de gemeente Hearrenfean heart by de fiif gemeenten mei de heechste lêsten. De FNP is fernuvere dat in gemeente dy’t it midden en lytsbedriuw as belangrykste motor foar de wurkgelegenheid beskôget ditselde midden en lytsbedriuw mei dizze hege lesten konfrontearret.
Yn it rapport wurdt fierder stelt dat de administrative lesten in signifikant probleem is yn Noard Nederlân mar ek dat dizze kosten fier boppe it lanlik gemiddelde lizze.
Hearrenfean heart neffens it rapport by de fiif Fryske gemeenten mei de heechste lesten. In útslach dyt heaks stiet op it kolleezje programma '" sosjaal en ûndernimmend" sa at dat yn 2010 fest lein is:

Het Midden- en Kleinbedrijf (MKB) is in Heerenveen de belangrijkste motor voor werkgelegenheid en het aantrekken van nieuwe bedrijven. Het permanent investeren in een goede relatie met deze sector is dan ook vanzelfsprekend"".
De letterlike tekst fan it akkoard tusken PvdA, VVD en GBH.
Hjiroer hat de FNP de folgende fragen stelt.

Wie it kolleezje bekend mei de sifers sa at dy yn it rapport fan De Jong en Witteloostuijn neamt wurde?
Hoe kin it dat de lesten yn de gemeente Hearrenfean heger binne as de measte oare gemeenten yn Fryslân?
Jout dit rapport ek oanlieding om de lestendruk yn de gemeente Hearrefean foar it midden en lytsbedriuw op 'e nei te besjen.
Kin Hearrenfean ek har foardiel dwaan mei de suggestjes fan de gearstallers fan it rapport?
Hat it kolleezje ek ideeën om dit negative byld fan Hearrenfean te ferbetterjen?

13-08-2011 - FNP dielt soargen Ald en Nijhoarne oer slúten kazerne (Nijs - Fraksje)
De FNP yn Hearrenfean wol fan b. en w. witte oft de brânwachtkazerne yn Nijhoarne iepenbliuwe kin. De kazerne is ien fan meardere dy't fanwege besunigingen op de nominaasje stiet om sletten te wurden. De FNP hat de folgende fragen oan it kolleezje stelt:
Kin de gemeenteried beslúten om de post Nijhoarne ek nei 2014 iepen te hâlden?
Hoefolle jild wurdt der konkreet besparre at de brânwacht kazerne yn Nijhoarne sluten wurdt en dermei de post yn Nijhoarne komt te ferfallen?
Mei oare wurden, wat kostet it iepenhâlden fan de post Nijhoarne?
Wat binne de finansjele gefolgen foar de gemeente Hearrenfean at de ried beslút om de kazerne yn Nijhoarne wol iepen te hâlden?
Hat in beslút fan de gemeenteried oer it iepenhâlden fan de kazerne yn Nijhoarne ek gefolgen foar de posysje fan de gemeente Hearrenfean yn regionaal ferbân?


Mei de sluting soe 90.000 euro besparre wurde kinne. Mar neffens de brânwacht yn Nijhoarne leit de echte besparring folle leger. Pleatslik belang wol dat de gemeenteried fan Hearrenfean him der foar ynsette om de brânwachtkazerne iepen te hâlden.

10-07-2011 - Skoallen binne wichtich foar leefberens doarpen en wiken. (Nijs - Fraksje)
Betooch fraksjefoarsitter Ate Eijer oer besunigingen Hearrenfean.

08-04-2011 - Húsnûmmers (Nijs - Fraksje)
De FNP hat fragen stelt oer it úntbrekken fan húsnûmmers op ferskillende wenten yn de gemeente Hearrenfean.

16-03-2011 - Hearrenfean is grut genôch. (Nijs - Fraksje)
Neffens it rapport fan de kommisje fan wizen oer de gemeentlike weryndieling fan Fryslân binne de gemeenten Hearrenfean en Smellingerlân te lyts. Wêrop is dy konklúzje basearre? Dêr is nammentlik noch nea ûndersyk nei dien.


Ien fan de arguminten fan de kommisje is dat in bepaalde skaalgrutte nedich is om it bestjoer op in goeie ôfstân fan de boargers te bringen. Se heakje der fuortdalik oan ta dat soks foaral belangryk is foar gemeenten mei demografyske ûntwikkelingen dy’t freegje om it op ’e nij besjen fan de bestjoerslaach.

Yn it rapport wurde dan ek appels mei parren fergelike. De “3 wizen” lûke deselde konklúzjes foar de lytsere gemeenten yn it noarden as foar de gruttere gemeenten yn it súdeasten. De kommisje stelt dat skaalfergrutting foar alle gemeenten winsklik is. Se geane dêrby hielendal foarby oan de fraach oft skaalfergrutting needsaaklik is.


De needsaak foar skaalfergrutting foar sawol Hearrenfean as Drachten is nammentlik noch nea wittenskiplik ûnderboud. In gemeente fan 50.000 ynwenners, ûngefear de grutte fan de beide gemeenten, is neffens Peter van Hoesel, heechlearaar Bestjoerskunde aan de Erasmus Universiteit Rotterdam sels in ideaal plaatsje foar in Nederlânske gemeente. Benammen it kolleezje, mar ek in part fan de ried, fan de gemeente Hearrenfean wol dêr neat fan witte en sjocht ek neat yn in ûndersyk nei bestjoerskrêft dêr’t út blike moat dat Hearrenfean yn de takomst te lyts is. De fraksjes fan CDA, GrienLinks, D’66 en de FNP ha yn novimber yn in moasje frege om de bestjoerskrêft fan Hearrenfean te ûndersykjen mar krigen net de stipe fan de kolleezjepartijen VVD, GemeenteBelangen Heerenveen en PvdA. Frjemd, want krekt sa’n ûndersyk koe antwurd jaan op de fraach oft in gemeente fan 50.000 ynwenners de wetlike en autonome taken dy’t him oplein binne, ek yn de takomst neikomme kin.

De kommisje stelt dat skaalfergrutting foar Hearrenfean (en Smellingerlân) nedich is. Ik wit net oft de trije wize mannen wol goed nei de lêste ûntwikkelingen sjoen ha. Ik tink it net. Se binne noch fan in oare tiid. Sy skriuwe noch altiten Friesland wylst Fryslân al lang de offisjele namme is. Mar foaral begripe se net dat de minsken stadichoan har nocht ha fan alle skaalfergrutting. Grutte sikehuzen, banken, soarchfersekerders, skoallen en gemeenten. Dy tiid ha we hân. De minsken wolle persoanlik kontakt ha mei minsken dy’t se kenne en fertrouwe.

Ate Eijer

21-02-2011 - Spoar Hearrenfean Grins kostet folle mear as 750 miljoen euro (Nijs - Fraksje)
In spoarline fan It Hearrenfean fia Drachten en Opsterlân nei Grins wurdt folle djoerder dan bestjoerders no yn it iepenbier sizze. Dat blykt út berekkenings fan de ôfdielings Opsterlân, Smellingerlân en Hearrenfean fan de FNP. De FNP tinkt dat de boargers betelje moatte as de plannen trochgeane.

Oant no ta wurdt troch de gemeentebestjoeren fan It Hearrenfean en Smellingerlân en de provinsjes Fryslân en Grins praat oer 750 miljoen euro. Ûndersyk fan de FNP nei de kosten fan fergelykbere projekten docht bliken dat earder tocht wurde moat oan 900 miljoen oant 1,2 miljard. De oerheden hawwe lykwols op dit stuit mar maksimaal 577 miljoen beskikber. Om it tekoart te dekken wol bygelyks de gemeente Smellingerlân de belestingen foar de ynwenners mei 24 miljoen ferheegje.

FNP-listlûker Annigje Toering seit ferbjustere te wêzen. 'Wy wisten al dat foar ynfrastruktuerprojekten de kosten meastentiids te leech rûsd wurde. Ik foarspel dat it mei dit projekt sa gean sil as mei al dy oare grutte projekten: de kosten wurde al mar heger. Dit makket dúdlik dat it spoar fan It Hearrenfean nei Grins foaral in prestiizjeprojekt is dêr’t de boarger foar betelje mei.'
De FNP hat ûndersocht wat de kosten de kilometer binne fan oare grutte projekten as de Hanzelijn . Op grûn dêrfan is foar it spoar Hearrenfean – Grins rekkene mei in priis fan 15 oant 20 miljoen euro de kilometer. De ôfstân tusken Hearrenfean en Grins is 58 kilometer. Der mei komt de oanlis fan in nij spoar op 900 miljoen oant 1,2 miljard euro.
Yn dy rûzing is lykwols noch gjin rekken hâlden mei mooglike tsjinfallers. Yn in rapport dat it ûndersyksburo Quooste yn opdracht fan de twa provinsjes makke, wurde guon fan dy mooglike tsjinfallers neamd. Sa is der gjin rekken holden mei mooglike BTW-kosten. Yn de takomst moat oer dit soarte útjeften BTW betelle wurde.
Ek is gjin rekken holden mei de kosten fan kompensearjende maatregels foar de beskerming fan Van Oordt’s Merksen, in natoergebiet mei in Natura-2000-status. De spoarline soe troch dat gebiet hinne moatte. Itselde jildt foar de gefolgen fan de oanlis fan in spoarline troch it nije yndustrygebiet Westpoort by Grins. Yn in part fan dit gebiet is al in start makke mei it bouryp meitsjen. Hjirby is gjin rekken holden mei de spoarline. Planologysk jout dit neffens Quooste in konflikt wat noch hegere kosten ta gefolgen ha kin.

19-02-2011 - Second Best (Nijs - Fraksje)
It kolleezje fan B en W fan de gemeente Hearrenfean is op 7 febrewaris twa kear troch de ried weromfluite. Sawol it útstel foar de ferbouwing fan it gemeentehûs as de startnotysje jeugdbelied wurde troch de ried ôfwiist. Wethâlder Age Hartsuiker moat syn wurk op ‘e nij dwaan en yn de folgende riedsfergadering mei in bettere startnotysje jeugdbelied komme. De plannen foar de ferbau fan it gemeentehûs gie de ried fiersten te fier en in part fan de plannen is derom earst yn de iiskast set.

Second Best

It kolleezje fan Hearrenfean ha de ried frege om 700.000 euro beskikber te stellen foar de ferbou fan it gemeentehûs. Foar dit jild kin it bestjoerssekretariaat oanpakt wurde en kin der in minderfalide toilet ticht by de trouseal komme. Ek kin burostoalen bekleid wurde, it publykssintrum oanpast wurde en kin der in rampenstafkeamer oanlein wurde.

Ek woe it kolleezje de 2e en 3e ferdjipping fan it gemeentehûs op ‘e nei ynrjochtsje. Plannen dy’t de FNP op dit stuit fiersten te fier geane. De gemeente moat besunigje en jo kin derom net oan de boargers ferkeapje dat yn eigen hûs wol fan alles oanpakt wurdt. De FNP kam dan ek mei in amendemint wêryn stelt wurde dat de ferbouwing en oanpassingsplannen meinaam wurde moatte by it feststellen fan de begrutting foar de kommende jierren.
It die al gau bliken dat dit amendemint net te stipe krige fan de oare partijen. Derom hat de fraksje fan de FNP ynstimt mei in amendemint fan de koalysje partijen dy’t sa fier net gie. Allinnich de needsakelike oanpassingen trochfiere mar foar earst gjin jild útlûke foar de ferbou fan de 2e en 3e ferdjipping. Útsein D’66 krige dit amendemint de stipe fan alle partijen.
Amendemint FNP

Ûnderwerp: Ferbou gemeentehûs Hearrenfean



Oerwagende dat

· guon fan de oanpassings wol dúdlik en ek wol winsklik binne

· hjirfoar 700.000 euro nedich is

· der no noch gjin dúdlik finansjeel ynsjoch en oersjoch is oer de totale begrutting fan de gemeente Hearrenfean foar de kommende jierren

· de gemeente Hearrenfean foar in grutte besunigingsoperaasje stiet, miskien ek mei personiele gefolgen

· it net oan de ynwenners dúdlik te meitsjen is dat wol op alle terreinen besunige wurde sil, mar dat der wol jild is foar in ynterne ferbouwing fan it gemeentehûs

Beslút de ried dat it foarstel foar ferbouwing fan it gemeentehûs útstelt wurdt en meinaam wurdt by de behanneling fan de perspektyfnota.






FNP Hearrenfean Hyves
FNP Hearrenfean yn it Frysk
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling